11
sneon 14 april 2018 Frysk Boun om Utens

sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

  • Upload
    others

  • View
    0

  • Download
    0

Embed Size (px)

Citation preview

Page 1: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

sneon 14 april 2018

Frysk Boun om Utens

Page 2: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

BÊSTE FRIES OM ÚTENS,

YNHÂLD

Fryslân is yn ús lân krekt oars as de oare provinsjes mei in eigen taal en in eigen kultuer yn in prachtich lânskip mei in lange histoarje. In Fries is graach wer efk es thús, yn it heitelân. Dat sil wol bliken dwaan by de ferwachte grutte opkomst foar dizze Friezedei fan it Frysk Boun om Utens. Tiden hawwe tiden, ek Fryslân feroaret en giet mei syn tiid mei. Sjoch mar om jimme hinne. En fansels soe de Ried graach mear Frysk oeral om ús hinne sjen: op strjitte, op gebouwen, op auto`s, neam mar op. De Ried fan de Fryske Beweging hjit jimme tige wolkom en wol dat graach ûnderstreekje mei dizze lytse útjeft e dy’t troch jimme eigen minsken skreaun is. Wy hoopje dat jimme der fan genietsje sille.

Geart Benedictus, foarsitter.

4 Efkes

4 foarstelle

7 Friezen yn ‘e frjemdte

8 Fryske Wâlden

11 Als de zon

13 Us Mem en de Holstein

Friezen

14 Sint Vitus

16 In Fries om utens

17 De Fries om utens

17 De Fries en syn taal

18 Wat makket my ta in

Fries…

Foto foarop- & e� erside, side 2 en 3: https://www.pexels.com/ - Opmeits: Chantal de Jongh - Printwurk: Weissenbach Snits

Page 3: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

de nije foarsitter fan it Boun

Op de lêste Algemiene Gearkomste fan it Frysk Boun om Utens yn Lelystêd hat Hâns Dijk de foarsittershammer oerjûn oan Jan Bijkerk. Hâns hat 19 jier foarsitter west en dan is it tiid om der ris in kear mei op te hâlden.

Hâns wie in bekend gesicht by de Fryske organisaasjes. Dit yn tsjinstelling ta de nije foarsitter, alhoewol Jan al fan 1995 ôf wurk docht foar Fryske kriten. Earst de redaksje fan it kritekrantsje fan de krite Boadegraven, dêr’t syn frou skriuwer wie, en de lêste jierren as foarsitter fan de Fryske Krite Sékrite út Lelystêd.

Jan is hikke en tein yn Nij Beets; dêr hiene syn âlden buorkerij. Nei de ULO yn Drachten en de HTS, Wei- en Wetterbou yn Ljouwert, krige er yn 1971 wurk by Rykswettersteat Fryslân op kantoar yn Ljouwert. Doe krige men thús noch berjocht of men asjebleaft by dat bedriuw wurkje woe. Yn deselde tiid is Jan troud mei Sjoerdtsje Anema fan OuweSyl (Aldebiltsyl). Sy kamen beide fan de buorkerij en krigen doe in fl etsje op de Kei yn Ljouwert. Dat fl etsje waard allinnich yn de wike bewenne, want yn it wykein wiene sy der faak op út, faak fi skje by de Grutte Wielen.

Mar Jan wie net sa’n kantoarman, hy woe graach de útfi ering yn – op it plak dêr’t boud waard. Yn 1994 binne se ferhuze nei Snits, want Jan krige wurk as assistint-projektlieder by de bou fan de Prinses Margriettunnel yn Twellegea. Yntusken hiene Jan en Sjoerdtsje ek twa famkes krigen. Yn 1977 waard Jan frege om te helpen by de bou fan de Hemspoortunnel, in spoarweitunnel tusken Zaandam en Amsterdam ûnder it Noardseekanaal troch. Dat wie ek foar Rykswettersteat, mar dan it yngenieursburo fan Rykswettersteat. De húshâlding is doe ferhuze nei Hoarn. By de Margriettunnel en de Hemspoortunnel hat Jan ûnderfi ning opdien mei it ôfsinken fan tunnels, de spesjaliteit dy’t er letter op tal fan plakken

EFKES FOARSTELLE

yn Nederlân en it bûtenlân tapast hat. Nei it ôfsinken fan de Hemspoortunnel hat Jan twa jier wurke yn Den Helder by de bou fan de Koopvaardersskutslûs.

In 1983 waard Jan frege om mei te helpen mei de oanlis fan de Easterskeldewurken yn Seelân. Dêr hat er projektlieder west by it pleatsen mei grutte wurkskippen en driuwende bokken fan de betonnen dielen (fan 1200 oant 2400 ton gewicht) fan de wetterkearing, de pylders, de betonnen drompels, de ferkearskokers en de boppebalken. Fierder ek noch de stielen ûnderdielen lykas de skuven en de bewegingswurken fan de skuven.

Nei dat prachtige en ek Jan syn moaiste wurk fan syn libben, hat er as projektlieder it ôfsinken fan de Willemsspoortunnel en de Noordtunnel begelaat. Nei in útstapke nei Amsterdam by de bou fan de Prins Willem Alexanderslûzen hat er twa jier yn Utert

op kantoar as projektmanager wurke. Yn 1993 is er projektmanager wurden fan it ûntwerp en de bou fan de Maeslantkearing by Hoek fan Hollân yn de Nieuwe Waterweg. Tuskentroch hat Jan ek noch syn Master Business Administrationtitel helle op Universiteit Twinte. De húshâlding wie ek ferhuze fan Seelân nei Alphen aan den Rijn. Dêr kamen Jan en Sjoerdtsje yn kontakt mei de Fryske Krite fan Boadegraven. Jan hat ek noch wat útstapkes makke nei it bûtenlân: Ruslân (St. Petersburg) en Fenesië foar de bou fan wetterkearingen, nei Denemar ken foar de Storebeltbrêge en -tunnel en nei Sina foar in wetterkearing yn Sjanghai en in wettertransportprojekt fan Súd- nei Noard-Sina. Dat wiene moaie ûnderfi ningen.

Nei de wetterkearing yn Hoek fan Hollân hat Jan fi if jier it haad west fan in projektmanagementôfdieling. Mar de wurken bûten lutsen Jan dochs mear oan. Hy waard dan ek frege foar projektmanager fan in diel

4 5

Page 4: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

fan de Hegesnelheidsline (HSL). Dêrnei hat er in jier dwaande west mei it oprjochtsjen fan in nije projektmanagementsôfdieling nei in reorganisaasje by it yngenieursburo fan Rykswettersteat.

Yn 2007 frege de Gemeente Amsterdam Jan oft er meihelpe woe as direkteur-útfiering fan de metroline, de Noard/Súdline. It projekt wie doe op in djiptepunt en om’t it net minder koe, hat Jan tasein om te helpen. Dêr hat er fiif jier meiwurke om de saak wer op de rails te krijen en dat is tige slagge. Kommende july begjinne de metro’s te riden.

Yn 2012, hy wie doe 63 jier, is er mei pensjoen gien, mar hy koe it wurk net hielendal loslitte. Dêrom hawwe se in BV oprjochte en wurket Jan ien of twa dagen yn de wike as adviseur foar opdrachtjouwers of oannimmers.

Somtiden foar beide tagelyk as se it net mei-inoar iens binne.

Nei dat Jan út leantsjinst gie, hie er ek wat mear tiid foar oare dingen. En dat wist Hâns Dijk ek, want Hâns hie Jan al in pear kear hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT.

Hy hat tasein dat er, as de sûnens it talit, oant 2023, it hûndertjierrich bestean fan it Boun, yn it bestjoer bliuwe wol.

6 7

Page 5: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

Ebele van der Veen, Lelystêd. 27 febrewaris 2018

Myn namme is Ebele van der Veen, opgroeid yn Wâlterswâld, en ik wenje al sûnt 1972 yn Lelystêd. Ik mei graach in dei kuierje. Sa haw ik yn Fryslân it Fryske Wâldepaad ôfrún. Sa no en dan in dei en dan it leafst allinnich. Op 2 novimber 2015 wie ik op ’en paad tusken Hoarnstersweach en Boyl. Dat betsjutte in dei reizgjen. Mei de trein nei It Hearrenfean en dêrwei mei de bus nei Hoarnstersweach. Troch de tichte mist wiene der fertragingen. De reistiid wie dêrtroch foar my in oere langer as de bedoeling wie. It wie al healwei tolven doe’t ik op it paad wie der’t ik foar kommen wie. Ik fûn it in bysûndere dei, en dêrom haw ik der wat oer opskreaun. Inkelde stikjes dêrfan wol ik graach mei jimme diele.

Oan de TsjongerNei sa’n trije kilometer kuierjen kom ik oan by de Tsjonger. In lyts en âld rivierke. It stroomke is rjocht lutsen. Ik bin hjir op in eft erôfplak. Yn de fi ere omkriten wenje gjin minsken. Minsklike lûden út de omjouwing binne hiel sêft te hearren. De lûden fan fûgels nammerste mear. Oeral binne guozzen. Heech yn ’e loft , mar ek op de grûn. Yn de greide neist my sitte in pear nylguozzen. Se fl eane skellend fuort as se my sjogge. In fl echt guozzen komt leech oer de grûn op my ôf fl eannen. Troch de tichte dize sjogge se my let en fl eane se ôfskrokken in oare rjochting yn. It is tolve oere. Der stiet hjir in bankje. Efk es wat ite. De bôle smakket my goed. Dan hear ik sirenes yn de fi erte. De earste moandei fan de moanne. It testen fan it alarmearjen. It is in aparte gewaarwurding

ast út alle wynrjochtingen wei dy sirenes hearst. Der is ien sirene dy’t in tiid eft ernei komt. As de sirenes stil wurde, komt de stilte dûbeld op jin ôf. Ik ferfolgje it paad. No rin ik trije kilometer by de Tsjonger lâns nei in brêge ta. Underweis sjoch ik om my hinne dat se dwaande binne om nije natuer oan te meitsjen. De âlde streamdelte fan it rivierke wurdt op ’e nij iepenmakke.

Yn it DiakonijfeanIn eintsje nei de brêge bin ik oankommen yn it Diakonijfean. In natuergebiet. It is al wat jierren eigendom fan It Fryske Gea. Der is hjir in moaie dobbe, mei deromhinne sândunen mei dinneboskjes. Yn de lêste jierren is it natuergebiet útwreide. Yn dizze nije stikjes natuer binne puollen makke en is de wetterstân ferhege. It resultaat is in lânskip mei puoltsjes, strûken en in protte rûchte. Ik sjoch in mûzefalk en in sparwer. By de âlde dobbe bliuw ik stean om de omjouwing yn my op te nimmen. In dizige en mysterieuze wrâld is it hjir troch de tichte dize. Eft er de reiden foar my hear ik einen. Se binne drok mei fan alles en hawwe my net troch. Yn ’e bosk eft er my hear ik oare lytse fûgels. In spjocht is lûd oan it hakjen yn in âlde môgele beam. Ik fi el my no ien mei alles om my hinne. Moaie mominten….

It âlde tsjerkhôfIk kuierje fi erder en kom wer yn de bewenne wrâld. Tichte by Nijeberkeap. It paad is no in âld klinkertweike. In moaie leane. Ik sjoch

FRYSKE WÂLDEN

nêstkastkes oan de beammen. Sa te sjen is hjir in iverige fûgelwurkgroep. Dan kom ik by in ynformaasjeboerd. Ik lês dat hjir tichteby in tsjerkje stien hat. It derby hearrende tsjerkhôf is der noch. In ferdwûn doarpke. It klinkertweike is noch fan de tiid dat it doarpke hjir noch wie. Ik rin nei de ein fan de leane en bin dan by in trochgeande grutte wei. Der beslút ik om dochs noch efk es nei it tsjerkhôf ta te gean. Efk es yn de rjochting fan Nijeberkeap. Nei in pear hûndert meter sjoch ik in oanwiisbuordsje. ‘Oude begraafplaats en Klokkestoel’ stiet derop. Dus dat paad folgje. It earste stik giet oer in hiem. Gelokkich is der gjin grutte hûn. Nei it hiem wurdt it paad dúdliker en giet it by in sleat lâns nei in bosk ta. Op ’e ein troch in lyts klaphikje hinne en dêr is it begraafplak. Off rede troch tsjokke âlde iken leit it dêr. Yn ’e midden fan it hôf stie foarhinne in tsjerkje. No stiet op dat plak in klokkestoel. It gehiel sjocht der hiel goed

fersoarge út. Ik lit myn eagen gean oer de grêven. Oant 1960 hinne waarden hjir noch minsken begroeven. Dan sjoch ik ek in stien dêr’t myn namme op stiet. Nuveraardich fyn ik soks. It is hjir in sfearfolle en histoaryske omjouwing en it wie de muoite wurdich om dit plak op te sykjen. It paad werom giet troch it boskje. Al gau bin ik wer by it ynformaasjeboerd dat ik earder sjoen hie. Optein rin ik fi erder yn de rjochting fan Boyl.

Nelson Mandela yn BoekelteTusken Nijeberkeap en Boyl leit de streamdelling fan de Lende. Krekt as yn de delling fan de Tsjonger wenje hjir ek net folle minsken. It is in grut iepen gebiet mei hjir en dêr in lyts boskje. De dize is noch net oplutsen. Ik rin by de rjochte Lende lâns. Nei in oere rinnen fan Nijeberkeap ôf kin ik oer in brêge nei de oare kant fan it wetter. Ik kom dan yn in lytse buorskip mei de namme

8 9

Page 6: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

Boekelte. By it earste hûs dat ik sûnt lange tiid wer sjoch, stiet in grut houten byld yn de berm fan de wei. In keunstner hat hjir foar syn hûs in moai earbetoan oan Nelson Mandela makke. Op in barte en ûnder in ôfdakje stiet it byld, dat út in beamstam snien is. Der leit op in taff eltsje in boekje. Foarbygongers kinne der reaksjes yn skriuwe. En der leit in papier mei in tekst fan Mandela. Ik meitsje in tal foto’s, ek ien fan it gedicht fan Mandela. Nei noch in healoere rinnen bin ik yn Boyl. Oankommen yn de haadstrjitte, seach ik de bus al oankommen en ik wie noch net by de halte. Mar efk es de hân omheech en de bestjoerder wist genôch. Th úskommen haw ik de tekst fan Mandela oerskreaun. Doe waard ik rekke troch de wurden dy ’t ik lies. ‘As de Sinne’ hjit it gedichtsje fan him. Letter betocht ik dat dizze dei dochs wol hiel bysûnder west hat.

10 11

Page 7: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

Hendrik Tel, Krite Twente

US MEM EN DE HOLSTEIN FRIEZEN

Yn 1954 waard yn Ljouwert ta eare fan it 75-jierich bestean fan it FRS (Fries Rundvee Stamboek) it byld fan G.J. Adema ûntbleate. It stelt de doedestiids ideale stamboekko foar. ‘Us mem’, sa waard it byld yn de folksmûle neamd, stiet no oan de Harnser ring. De ideale ko hat yn de rin fan de tiid sa syn feroaring meimakke. Ik wie yn 1964 yn Amerika op syk nei myn takomst, kin men wol sizze. Ik wie dêr by in Frysk pear te gast om harren te helpen mei de buorkerij. No wie yn dy tiid it petear al oan de gong: “Hawwe wy yn Fryslân noch wol de ideale ko? Binne wy mei de fokkerij net te folle op dat moaie platte koke ôfgien en ha we net mear tocht oan de produksje?” No, it die bliken dat it ferkeard gien wie. By in ûndersyk yn Poalen tusken ferskate melkfeerassen, kaam de Fryske swartbûnte poermin út de bus, ja hast op it lêste plak. Yn dy tiid wie ik tafallich op in boelguod yn Wisconsin, fan in ferneamde farm, de Papstfarm. Dêr wie ik tsjûge fan de oankeap fan de bolle ‘Papst ideal’ troch in KI-feriening út Osnabrück. It wie de earste Holstein-Frisian bolle yn West- Europa. De man dy’t dat riskearre hat hjitte Ir. Wilkes. It hat in soad fuotten yn de ierde hân foardat it neiteam fan dy bolle opnommen waard yn it stamboek. Jo kinne wol begripe dat soks net samar koe; de bisten binne net rassuver en hawwe ûnbekende brekmen ensfh .

Nei in tiid fan ûndersyk en probearjen die al gau bliken, se wiene better as de oare, foaral wat de molkeproduksje oangie. Se smieten mear jild op en dat jout altyd de trochslach, is’t net wier? It nijs naam syn loop troch Europa. Op de iepen showdagen fan it Osnabrücker Herdbuch (stamboek) kamen bussen fol minsken, ek út Fryslân. Iksels haw it belibbe dat de earste neiteam fan Papst Ideal showd waard yn Osnabrück. Wy hawwe buorke yn de omkriten fan Osnabrück en hawwe jierrenlang lid west fan de OHG. Mei dy Ir. Wilkes haw ik it wolris hân oer dy earste oankeap. Hy wie letter direkteur fan It Stamboek de OHG (Osnabrücker Herdbuch Geselschaft ). It wie net maklik, mar it hat him leanne,sei er. Yn Nederlân en yn it bysûnder yn Fryslân hat it noch jierren duorre foardat de Holstein-Frisian kij trochbrutsen yn de fokkerij. It NRS en it FRS woene der net oan. Der kamen stúdzjeklups mei jonge boeren. Dy namen it foartou en hawwe it trochset dat ek de stamboeken yn Nederlân dy ‘Amerikaanske kij’ opnimme moasten yn it register. No is it net mear wei te tinken út de feefokkerij, it is al hast safi er dat men tinkt, geane we net te fi er mei it melkfeetype? ‘Us mem’ stiet noch yn Ljouwert, mar it stamboek, it FRS, is al lang opgien yn it NRS (Nederlands Rundvee Syndicaat). Dôchs binne kij en greide net wei te tinken út Fryslân.

12 13

Page 8: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

Yn ’e tredde iuw nei Kristus waard Vitus, as soan fan in heidenske senator, op Sisilië berne. Yn syn jongesjierren bekearde er him ta it Kristendom. Om syn leauwe waard er ferfolge en martele, wat ta gefolch hie dat der yn 303 yn it Italiaanske Lucania in ein oan syn libben kaam. Yn de katolike tradysje wurdt Vitus sjoen as ien fan de fj irtjin helpers, hilligen dy’t oanroppen wurde foar genêzing fan bepaalde sykten. Hy is in hillige fan de roomsk-katolike en de eastersk-ortodokske tsjerke. Mannich skoalle draacht syn namme en ferskate tsjerken binne oan him wijd. Ien fan dy Sint-Vitustsjerken stiet yn Wetsens, op ien fan de heechste terpen fan Fryslân.

It is it doarp dêr’t ik hikke en tein bin. Oant myn fj irtjinde jier ta haw ik mei myn âlden en myn jongere broer op dy hege terp wenne en op en om ’e terp hinne boarte. En by winterdei reedride op ’e iisbaan yn ’e smoute fan ’e terp. Ik koe alle hoeken en hernen fan it lytse doarp as myn broeksbûse.

De Sint-Vitustsjerke is in romaansk, dowestiennen, ienboekige tsjerke, boud yn ’e earste helte fan de tolfde iuw. Op in sneintemoarn yn 1842 is de sealtektoer fan ’e tsjerke ynstoart. Dat barde ûnder in preek oer

Simson, dy’t, sa’n 1tûzen jier foar Kristus, mei syn lêste krêft en de timpel fan de Filistynske god Dagon ynstoarte liet. Der wie gjin jild om de toer wer op te bouwen. De westgevel waard tichtmitsele en oan de gevel kaam in soartemint klokkestoel dêr’t de klok yn hinget, dy’t ús mem twa kear deis lette; om tolve en om seis oere. In pear jier lyn haw ik myn pakesizzers út Colorado (USA) it ferhaal oer dit tsjerkje en oer myn bertedoarp ferteld. De mantsjes harken mei sân pear earen.

De tsjerke waard doe al net mear brûkt foar de earetsjinsten en stie te keap. Want krekt as yn 1842 wie der gjin jild genôch om it eigendom en it ûnderhâld dêrfan betelje te kinnen. Want ek yn dizze noardeastlike, protestantske omkriten fan Fryslân fi ne hieltyd minder minsken it paad nei tsjerke en wurde de kosten te heech foar de tsjerklike mienskip dy’t allinkendewei lytser wurdt. Dan komt sa’n tsjerke leech te stean en wurdt er op syn heechst út en troch ris brûkt foar in rou- of troutsjinst. Guon tsjerken wurde oan in partikulier of oan in ynstânsje ferkocht, mar dan witte jo net hokker funksje sa’n tsjerke yn ’e takomst noch ris kriget.

SINT VITUSLokkich is der, wat de âlde tsjerken oanbelanget, de Stichting Alde Fryske Tsjerken, dy’t ûnder bepaalde betingsten sa’n âlde tsjerke oernimme wol. Sa’n betingst is bygelyks dat der in ‘breidsskat’ op it kleed komme moat foar in fûns om de tsjerke yn stân te hâlden. Want op de subsydzjes foar monumintale tsjerken is gâns begnibbele. En sa’n breidsskat hie de protestantske tsjerklike mienskip fan Ealsum-Dokkum-Wetsens net. It hie net folle skeeld of it âlde monumintale tsjerkje wie oan in partikulier ferkocht. Dat hie grif jild yn it laatsje fan de tsjerklike mienskip brocht, mar dy keas dochs foar it grutter belang. Is soks op himsels al hiel bysûnder, hielendal unyk is it dat it needsaaklike ûnderhâldsfûns folle wurde koe troch in ûnbekende mar rynske jeft e fan Willem van Riemsdijk en syn frou.

It pear hat in bysûndere bân mei it iepen lânskip fan noardeast Fryslân en beide âlden fan Van Riemsdijk lizze op it tsjerkhôf by de tsjerke begroeven. De Fryske dichter Anders Minnes Wijbenga en skriuwer Rink van der Velde lizze dêr ek. Sa waard twa jier lyn de Sint-Vitustsjerke te Wetsens as 46ste tsjerke oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Dêrmei bliuwt in stikje kultureel erfskip foar it neiteam bewarre.

Dat docht ek bliken út de Sint Vitus Passie, dy’t yn maaie sân kear yn Wetsens opfi erd wurde sil. It is ien fan de 32 manifestaasjes fan it projekt ‘Under de toer’, yn it ramt fan Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad 2018. De kaarten foar de Sint Vitus Passie ha’k al yn ’e hûs.

Myn namme is Jan Bosgraaf (berne 4 maart 1946 yn Wetsens) en dêr hikke en tein, sa’t yn it ferhaaltsje stiet. Yn 1968 troud mei Djoke Ozenga. Yn 1972 nei Zwolle ferhuze en sûnt 1996 wenje wy yn Staphorst. Ik wurke by de gemeente Zwolle as � nansjeel beliedsadviseur. Wy hawwe trije jonges en sân pake- en beppesizzers (ek jonges) yn Meppel, Breckenridge Colorado (USA) en Amsterdam. Yn 1972 binne we lid wurden fan it Frysk Selskip Swol. Yn 1975 bin ik yn it bestjoer kommen. In pear jier letter waard ik skriuwer en sûnt 1994 bin ik foarsitter. It Frysk Selskip Swol is (nei Haarlim) de op ien nei âldste Fryske krite om utens. Yn 1988 hie it FSS 500 leden. No binne der noch 140.

14 15

Page 9: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

Jan Piet Bergmans, Vianen

Yn 1974 haw ik – by in tekoart oan wurk yn Fryslân – yn Utrecht in baan krigen. Men wurdt dan bytiden konfrontearre mei jins Frysk wêzen. As ik op it wurk ris mei myn (Fryske) frou belle, praten wy fansels Frysk. Nei it petear sei in kollega tsjin my: “Jan, spreek je moers taal.” Myn reaksje wie: “Daar was ik mee bezig.” Op sa’n stuit wurdt men jin der bewust fan wat jins memmetaal is.In kollega fan my wie bemanningslid op it Drachtster skûtsje. Syn net-Fryske frou woe graach it Frysk ferstean kinne. Sa kaam ik dereft er dat der Fryske kursussen yn Amersfoort jûn waarden. Doe’t ik mei de lesjouwster skille foar ynljochtingen frege se oft ik wol Frysk skriuwe koe. It antwurd wie nee en doe sei se dat ik ek op kursus moast. Sa haw ik de Afûk-kursus Leargong A folge. Yn dy kursus krije jo ek in priuwke fan de Fryske skiednis en de Fryske literatuer. Der gong in wrâld foar my iepen. It wie it begjin fan in fi erdere ferdjipping yn de Fryske kultuer lykas lid wurde fan de Fryske krite, leargong B folgje, dielnimmer wurde fan in lêsklup fan Fryske boeken ensfh .

IN FRIES OM UTENS

16 17

Page 10: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT

Kees van der Beek – Ermelo

As ik bygelyks yn Sina berne wie, troch adopsje yn Fryslân telâne kommen by Frysktalige âlden en Frysktalich opgroeid – bin ik dan wol of net in Fries?As ik op It Hearrenfean berne bin en myn âlden prate Nederlânsk – bin ik dan noch wol in Fries? Ik bin yn Jislum berne en wenje no op de Feluwe yn Ermelo en praat dêr meastentiids Nederlânsk – bin ik dan noch wol in Fries?

As jo yn it ûnderwiis mear as 35 jier foar de klasse stien hawwe en alle dagen de Nederlânske taal brûkten, hoe frjemd is it dan dat jo de goeie folchoarder by it brûken fan tiidwurden yn it Frysk kwytrekke binne. As skriuwer foar It Nijs.frl fernim ik alle dagen no wer hoe lestich dat wêze kin.

Ik ha yn myn jonge jierren oan keatsen dien. Ik bin mei myn maten it fj ild ynlutsen om ljipaaien te sykjen… Ik koe dy smoarge dingen net fi ne – ik wâlde der suver hast op ear’t ik se fûn. Ik wie kleure-dôf… As it winter wurdt en it begjint te friezen, dan wurdt it bloed fansels in bytsje tinner en begjint it te jûkjen, want der is dochs neat moaier as op redens oer fearten en kanalen út te swieren. Fierljeppe, skûtsjesile, it is sa typysk Fryskeigen, mar dy beide sitte my net yn it bloed… Bin ik noch wol in echte Fries?

Ik bin berne op in lytse pleats yn Jislum. Us heit en mem hiene doe al seis bern – trije jonges en trije famkes en dêr kaam ik dus as sânde oer de fl ier. Letter kaam der noch in

lyts famke by. Mei syn tsienen op in lyts spul – dat koene ús heit en mem net oprêde om al dat opgroeiend berneguod te fuorjen mei de opbringst fan de buorkerij. Us heit kaam op it molkfabryk yn Marrum en al rillegau ferhuzen wy dan ek nei de klaai. Dêr waard ik foar it earst troch de grutte taalrykdom en it taalferskaat rekke. Wie ik yn Jislum wend oan ‘heet, sees en geet’, no hearde ik ‘hoit, sois en goit’. Folle letter hearde ik dat der noch folle frjemder ferskillen besteane yn it Frysk: wettersiede en wetterkoitsje, skoalle en skulle, sneon en saterdy, mar ek it betiden ‘wrede’ taalgebrûk as men wat koart foar de kop is en in oar seit dat er de harses hâlde moat en oars in wan op ’e bealich krije kin. En wat te tinken fan wat ea hielendal net frjemd wie, mar no net sa freonlik oerkomt as myn buorman it hat oer syn wiif, dy’t op ’e fl itter is om saneamd boadskippen te dwaan.

Mei it Frysk foech yn ’e bûse gie ik it ûnderwiis yn, mar dêr haw ik suver hast neat mei dien… Fjirtjin jier op de grins fan Fryslân en Grinslân wie it Frysk yn Gerkeskleaster letterlik in ‘grinsgefal’ en lei it net sa goed yn de merk; se hiene leaver dat ik út de Ingelske bibel foarlies... Dan de oerstap nei Ermelo

WAT MAKKET MY TA IN FRIES…

en de opmerking dat ik as in soarte fan ûntwikkelingswurker nei de Feluwe ôfsakke wie, foel by guon kollega’s yn ferkearde (sân)grûn…

Us bern krije mear en mear muoite mei it ferstean – it Frysk praten rekket aloan mear op de eft ergrûn, mar it is krekt as mei fytsen – as men it ien kear kin, rekket men it nea wer kwyt, men moat it allinnich wol ûnderhâlde… As ien fan de bernsbern mei fj ouwer jier foar it earst nei skoalle yn Rozendaal (by Arnhim) giet en dêr yn it fermidden fan de klasse op ’e stoel klimt en it ‘Suzenanepoppe’ begjint te sjongen, om’t pake en beppe dat alle freeds foar har songen doe’t sy noch in ‘lytse poppe’ wie, dan bekrûpt my in grutsk gefoel dat se dêr yn Rozendaal fan ús twadde lânstaal hearre meie! En dat lyts famke skamme har der net foar!

Sa fi el ik my grutsk as Friezen op it grutte wrâldtoaniel aktearje en grutte prestaasje delsette en dan sa suver en gewoan bliuwe, dêr’t oaren har oer fernuverje dat soks noch bestiet! Ja dus, dêrom binne der Friezen en dy moatte der bliuwe ek – sy bliuwe harren sels

en rinne net bûten de skuon en as se dat wol dogge, dan binne it eins gjin echte Friezen… Spitich dat in Halbe Zijlstra sa syn ôfk omst fersmoarge hat…Mar bin ik noch wol in Fries?

Der wurdt wolris sein dat Friezen om utens Frysker binne as de Friezen yn Fryslân: djipfriezen binne dat! Ik soe dus sa’n djipfries wêze kinne. Mar sa fi el ik my net!In djipfries hat in wat negative klank en betsjutting; dy binne mei gjin stôk foarút te baarnen – dy sette de hakken yn it sân en sizze krekt as Calimero: “Zij zijn groot en ikke is klein en oh, da’s niet eerlijk!” Dy Friezen binne net grutsk op wat sy binne, mar eamelje oer wat sy skynber misse en kwytrekke binne. Inoar it jak útfege? As Fryslân en it Frysk it dêrmei oprêde moatte, dan sjoch ik it tsjuster yn en helpe sy it Frysk en Fryslân dêrmei om út ’e ljochten. Lit my, mei myn lek en brek, grutsk wêze om wat wy Friezen binne en hawwe – wy betsjutte wrachtsjes noch in hiel soad, ek al binne wy mei mar sa’n bytsje ast it besjochst op it grutte wrâldtoaniel! Sa besjoen fi el ik my noch alle dagen in Fries en sa wol ik dat noch in hiel skoft bliuwe!

Myn berteplak yn Jislum

18 19

Page 11: sneon 14 april 2018 - It Nijs · 2018. 5. 12. · hifke oft er yn it bestjoer fan it Boun komme woe. No, dat is dan bard yn 2017. Fierder is er ek ôffurdige fan it Boun yn it IFAT